hast allinnich op ‘e seedyk
ûnder de earms in siel sa bliid
de holle leech fan striid
mei neat en dochs sa ryk
yn ´e wyn op is der gjin tiid
soargen en tinzen ferdwine gelyk
as de sinne dy´t út de loft fergliid
mei gouden, net te hearren muzyk
oan ‘e kym in fûgel en in inkel skip
faaks mei fisk, faaks mei soere apels
yn it efterlân in tsjerketoer as in stip
ûnder de delgeande sinne fleane betinkels
loai sweevje de wjukken fan drôvens en blydskip