Coert 31/08/42 – 04/04/22
In leech plakje yn ús hert dêr’t it no reint
Mar mei de oantinkens oan dij
Sil dêr straks de sinne wer skine
In libben dat begûn sûnder leafde
En einige mei striid
Mar yn de tiid dertusken
Fol wie mei famylje en freonskip
Mei in trijn mei leafde
Op in ploeg fan burgen-wêzen
Hast it begjin mear dan goed makke
Sweefje no yn ûneinige tiid
Op de wjukken fan ús leafde
In weromsjen mei dyn neisten
Dy’t dy al earder foargien binne
In leech dochs fol plakje yn ús hert
As in iepen romte tusken de bûken
Dêr bist do net, dochs wol
En prate en leitsje wy fierder