in boatsje driuwt lui op it glêde wetter
stadich in bytsje wurch tawuift troch it rie
yn de fiere loft ha de wolken gouden rantsjes
en ferdwynt de wrâld yn de fierte
twa iensume bjirken besjogge it tafriel
en snappe net hoe’t de gouden glâns
ûnder en boppe de eachein wêze kin