De rêst fan it gêrsSurk, flinters en holdersEn plukjes skiepewolSkiep sjogge fersteurd kaujendNei fytsers en sneinsridersDochs hearsket op ‘e seedykDe rêst fan it gêrs
Categorie: Rijmerij
In leech plakje
Coert 31/08/42 – 04/04/22 In leech plakje yn ús hert dêr’t it no reintMar mei de oantinkens oan dijSil dêr straks de sinne wer skine In libben dat begûn sûnder leafdeEn einige mei striidMar yn de tiid dertuskenFol wie mei famylje en freonskip Mei in trijn mei leafdeOp in ploeg fan burgen-wêzenHast it begjin mear…
Hjerst
de blêden falle sêft op harren foargongersmeitsje in paad dêr’t men op sweve kinkuierend troch brún, read en gielde kleuren fan einigjen en begjinbringe it ynlûden fan in nije âlde tiidgerdinen ticht, mar lampkes yn ‘e tún
In boatsje
in boatsje driuwt lui op it glêde wetterstadich in bytsje wurch tawuift troch it rie yn de fiere loft ha de wolken gouden rantsjesen ferdwynt de wrâld yn de fierte twa iensume bjirken besjogge it tafrielen snappe net hoe’t de gouden glânsûnder en boppe de eachein wêze kin
Seedyk
hast allinnich op ‘e seedykûnder de earms in siel sa bliidde holle leech fan striidmei neat en dochs sa ryk yn ´e wyn op is der gjin tiidsoargen en tinzen ferdwine gelykas de sinne dy´t út de loft fergliidmei gouden, net te hearren muzykoan ‘e kym in fûgel en in inkel skip faaks mei fisk,…